VERON afdeling Friese Wouden
Afdelingsblad 'CQ Friese Wouden'
door PEoSKA
Stiens, 26 maaie 2001
Achte redaksje,
Eins woe ik jimme in komplimint jaan, in grut komplimint
oangeande de pleatsing fan it stik fan Bouke Zwerver, PAoZH, yn it foarich
nûmer fan CQ Friese Wouden. Ik sei mei opsetsin "woe", want nei it
stikje yn 'e leste £tjefte fan itselde blêd fan haadredakteur PAoJMG die it
"ongenuanceerd, provocerend en soms beledigend" foun, is myn goede
yndruk in bytsje bekuolle. Bouke doart yn syn stik tal fan saken oan 'e oarder
te bringen, die oars geregeldwei net heart wurde of yn 'e dôfpot gean. Hy seit
de dingen faaks net yn myn wurden, mar it hat wol meastal deselde ynhâld. Ik
hie noch tocht: "Wat goed, dat der no es ien oan it wurd komt, die no
einliks ris sizze kin en mei, wat der tinkt oer die saken wer sa gauris omhinne
praat wurdt."
Bouke hâld gjin blêd foar de mûle, dat witte we al jieren,
syn humor is wol ris wat sarkastysk, mar hy seit wer it op stiet. Dat moat kinne,
sokke berjochten komme it bêste oer. Hy is natuerlik net de de earste de bêste
en hat skynber frij mandaat krigen oer de ynhald fan syn stikje, wer de redaksje
efternei wat kjel fan wurden is. 'k Ha es goed om my hinne sjoen op 'e merke op
'e Sweach.
Hy hat gelyk......... it wiene de griize koppen die sieten te
sneupen yn it surplus-guod en it jongere folk yn it oare spul, it leafst
kompleet mei stekker. Dy lesten binne gewoan ferkeard opbrocht, no ja, der kinne
sy neat oan dwaan. Sa'n merke is oars wol moai, it jowt us hobby fuotten. It
jowt £s mear as in tiidskrift as Elektron wer jo sykje moatte om in technysk
stikje oer selsbou, ien fan 'e wichtigste £tgongspunten fan ús ferieniging.
No wit ik wol, tiden hawwe tiden, de tiid dat we de stikjes
fan mannen as Bouke ZH en Douwe DKO yn it klupblêd finne koene binne foarby,
mar............dat bliuwt wol ferrekte spitich.It wurdt tiid es by in âfdieling
it útstel te dwaan, foar de ferieningsrie, om de namme fan de klub teferoarjen
yn VRN. De "E" en "O" kinne wol weilitten wurde. Dy hawwe
hjir net folle betsjutting mear, die bringe jo heechút behoarlik yn 'e war.
"k Wit net as jimme it lêzen hawwe wat ús 62ste
gearkomste fan 'e ferieningsrie mei de foarstellen 5 oant 8 dien hat. As jo dat
lêze, wurdt jo bloed sûpe. (Sjoch it Eletron fan juny 01, side 88 der mar es
der op nei.) Sa njonkelytsen wurdt de groep leden die wat yn 'e molke te
brokkeljen hawwe yn 'e ferieniging behoarlik reaksjonêr. Se slaan de door mei
sa'n alderheislikste klap ticht. Skuorren yn 'e muorre! Dit kostet ek noch leden.
We moatte oppasse!
Doe haw ik tocht: ......."Hiest wol gelyk, Bouke!....In
moai stikje!...De spiker op 'e kop!!!!!"........
Achte redaksje, dit moast ik gewoan efkes kwyt. Jimme brûkke
dit mar as ynstjoerd stik, it mei ek yn 'e papierkoer, der tuskenyn sit neat. 'k
Nim oan, dat ik dat wol fan jimme te hearen krij. Mei freonlike groetnis fan
Sipke Sipkema,
ofte wol: beste ' 73 , PEoSKA